Fryske Akademy traint Sineeske studinten

22 jun 2015 - 22:41

De Fryske Akademy hat moandeitemiddei in gearwurkingsferbân tekene mei de Sineeske Universiteit fan Nanjing. Der wienen al langer kontakten tusken beide, mar in echte gearwurking wie der noch net.

De twa ynstellings sille kennis en ûndersyk útwikselje op benammen it mêd fan minderheidstalen. De gearwurking wurdt koördinearre troch twa sosjolinguïsten, Dr. Zhang Jingwei fan de universiteit fan Macau en Dr. Hans van de Velde fan de Fryske Akademy. It doel is it trainen fan Sineeske studinten yn it ûndersyk dwaan nei in minderheidstaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)