Kolleezje fan Smellingerlân makket toernee

22 jun 2015 - 16:13

Yn Houtigehage is moandeitejûn de earste gearkomste fan de kolleezjetoer fan Smellingerlân. It is mear as in jier lyn dat nije kolleezje fan B & W begûn is, nei de riedsferkiezings. De wethâlders en de boargemaster wol no fan de ynwenners witte, wat sy belangryk fine yn de gemeente. Letter folgje ek noch jûnen yn De Pein, Drachten en Boarnburgum.

Belangstellenden geane yn groepen meielkoar om tafel. De útkomsten fan dizze petearen wurde dêrnei presintearre oan B&W. Dy wolle dat letter meinimme yn har nije belied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)