Gjin treinen by Hurdegaryp troch oanriding yn Ljouwert

22 jun 2015 - 14:19

Fanwege in oanriding rieden moandei nei 14.00 oere gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp en oarsom. Ferfierder Arriva sette bussen yn foar de passazjiers. De trein wie op de oergong yn Willem de Merodestrjitte tsjin in slachboom riden.

De slachboom wie rekke troch in frachtwein, wêrnei't de boom heal oer it spoar kaam te hingjen. De trein is der dêrnei tsjin oan riden. Net ien rekke ferwûne. De skea falt ta. De tsjinstregeling koe wer oppakt wurde. Om 15.21 ried de earste trein wer fan Ljouwert nei Grins.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding Arriva trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)