Doarpen yn Tytsjerksteradiel wurde skjinner

22 jun 2015 - 12:42

De doarpen yn Tytsjerksteradiel wurde skjinner. Yn it ramt fan de aksje 'Nederland schoon' krije de doarpen 75 eurosint de ynwenner en se meie sels oanjaan wêr't dat jild foar brûkt wurdt. Wethâlder Houkje Rypstra iepene de aksje moandei by Suwâld mei help fan skoalbern en Doarpsbelang troch in saneamde 'blikvanger' yn gebrûk te nimmen.

Fan de 17 doarpen ha al 13 tasein dat se meidwaan wolle om sa benammen it swalkôffal op te rêden. De gemeente hâldt sels it bûtengebiet by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)