Jonges mei falsk jild trappearre yn Drachten

22 jun 2015 - 11:54

Yn Drachten hat de plysje de ôfrûne wike fjouwer jonges oanhâlden. Se wurde fertocht fan it meitsjen en fersprieden fan falsk jild. De jonges fan 15 en 16 jier út Eastermar en Drachten makken briefkes fan 50 euro. Doe't se betelje woenen yn in hoarekagelegenheid, waard it ûntdutsen.

Ut ûndersyk kaam nei foaren dat se it falske jild benammen yn fuotbalkantines en hoarekagelegenheden útjoegen. De plysje slút net út dat der mear falsk jild yn omrin is. Ek wurde mear oanhâldingen net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)