Duo pakt mei njoggen stellen fytsen

22 jun 2015 - 10:08

De plysje hat sneontenacht twa 21-jierrige fytsedieven út Sint-Jabik oanhâlden. De plysje seach de mannen mei twa fytsen by it treinstasjon by Dronryp. Letter seagen se it duo yn Tsjummearum mei in tredde fyts riden. De mannen koene gjin antwurd jaan op de fraach wêr't dizze fyts wei kaam. Ek seach de plysje dat de framenûmers fan de fytsen fuorthelle wiene.

Yn de skuorre by ien fan de mannen thús ûntduts de plysje noch seis stellen fytsen. De plysje ropt minsken fan wa't de fyts stellen is, op om harren te melden.

Op de webside fan de plysje steane foto's fan de stellen fytsen.

Trefwurden: 
plysje Sint-Jabik stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)