KNRM rêdt twa kitesurfers by Flylân

22 jun 2015 - 09:29
  • KNRM  rêdingsboat

De rêdingsboaten fan Teksel en Flylân binne sneintejûn útrukt foar twa kitesurfers dy't yn swierrichheden wienen. De twa surfers kamen op in sânbank oan de súdkant fan Flylân telâne en koene net fierder.

Se warskôgen de helptsjinsten. Twa opstappers fan de KNRM binne nei de kitesurfers ta gien en hawwe harren fan de sânbank helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)