Kollum: "In brimstige bisteambulânse"

22 jun 2015 - 08:37
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"In brimstige bisteambulânse"

Ofrûne sneon wie der sûnt 1833 wer ris in histoaryske hurddraverij mei Fryske hynders op it Saailân yn Ljouwert. In prachtich barren, mei boppedat keninklike besite. Winneres Silke Boersma krige nammentlik út hannen fan kening Willem-Alexander de Gouden Swipe oerhandige. “En, heb je een mooie show gehad?”, frege se ‘m doe’t er har de priis útrikte. De kening lake syn bekende Oranje-smile en knikte. “Jazeuker, een heule mooie show.”

Ik, as eks-paardenmeisje baalde der flink fan fansels dat ik hjir net by wêze koe. Mar in dei earder krige ik al in foarpriuwke yn eigen doarp mei it rinkjeriden troch de Buorren. En dat wie ek hast histoarysk te neamen, want it wie al wer jierren lyn dat wy yn Aldegea rinkjeriden hiene.

Wylst de hoefizers ûnder dy grutte swarte hynstepoaten oer ús reade klinkertdykje spatten, krige ik in flash back. Jierren en jierren lyn diene myn suske en ik nammentlik ek alris mei oan in ringrydwedstriid. Wy hiene thús in lyts brún pony’ke mei ADHD. Der siet mar ien fersnelling op en dat wie fulle pulle. Alle freedtejûns knettere it bist mei it bit dwers yn de bek en myn suske op ‘e nekke troch de maneezje dêr’t wy les hiene. Koest mar oan de kant gean, want dit brúntsje wie sa sterk as in tank. Hy seach net op of om en batste oer alles en elkenien hinne.

Om’t it net echt noflik riden is op sa’n brimstige buldoazer, betochten wy dat dizze fjoerfretter miskien geskikter wie om foar de karre. Dus waard der in karke kocht en learden wy as suskes yn no time mennen. Doe foar it earst de dyk op om te oefenjen fansels. Ek foar it karke gong it wer hurry up mei ús hynderke. Foar't wy it wisten wiene we al yn Earnewâld en draafde ús powerpony rjochting Garyp. Mar wêr kamen wy dan eins út? Sa fier wiene wy sels noch nea op it fytske west. Dus hoooo!

Yn de middel of nowhere stiene wy stil mei it hiele spul. Wat no? Keare dan mar en itselde paad werom. Dus sus fan it karke ôf om de pony by de kop beet te hâlden, wylst wy in ‘keerwending op de weg’ dwaan soenen. Alles gong poerbêst oant ik mei it fjild fan ús karke de pony per ûngelok oer de hakken ried. It bist makke in needsprong, sus stroffele, en doe hobbele ik - hop hop - mei karke en al oer har hinne. Ik skrok my dea fansels, en sus noch folle mear. “Ik kin nea mear rinne”, rôp se yn panyk wylst se heal ferlamme oer de dyk nei it karke krûpte. Yn fleanende galop jagen wy as gekken nei hûs. Us brúntsje hie de dei fan syn libben.

Thús oankaam foel de lichaamlike skea gelokkich in slachje ta. Mar no bisto fansels nijsgjirrich nei ús ringrydprestaasjes, Jacob. No, dy ha ek net folle om hakken hân, om mar wat yn de sfear fan dit ferhaal te bliuwen. Wy ha oan twa wedstriden meidien, mar sûnder sukses. Want wolst it leauwe of net, de pony rûn net hurd genôch. En wy blieken sels net echt gatsjetûk. Ik tink achterôfsjoen dat ús ADHD-pony syn ropping mist hat. Want... it wie in poergeskikte bisteambulânse west.

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)