Steenstra en Tuinenga winne yn Sint-Jabik

21 jun 2015 - 18:27

Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra hawwe snein de winst pakt by de haadklasse keatspartij yn Sint-Jabik. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. In moaie bekroaning op de rentree fan Marten Feenstra, dy't it plak ynnaam fan Cornelis Terpstra.

By de froulju gong de winst nei Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de finale wie it trijetal Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra mei 5-4 en 6-4 de baas.

De lytse preemje wie foar Marije van der Meer, Klasine Huistra en Louise Krol, dy't yn de striid om de lytse preemje of neat wûnen fan Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Sjanet Wijnia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)