Heitedeipicknick mei fleis, fisk en whisky yn Earnewâld

21 jun 2015 - 16:32

In grutte ploech manlju krige snein op heitedei in orizjinele ferrassing, nammentlik in echte heitedeipicknick. It is in inysjatyf dat alles te krijen hat mei it projekt Hoofdstad van de Smaak. Yn Earnewâld stiene de picknicktafels bûten klear en koene de heiten foaral genietsje fan streekprodukten lykas In kocktail mei Skotske Whisky en krûden, rikke iel of in broadsje bargefleis.

Alle yngrediïnten wiene der foar in noflike dei, al siet it waar net sa mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)