Lêste dei fan fuotbalklup Rjocht en Sljucht Boalsert

21 jun 2015 - 15:30
  • Honk fuotbalklup RES Boalsert

De lêste dei fan fuotbalklup RES út Boalsert wurdt snein yn styl ôfsletten. RES fusearret mei SC Boalsert en dêrmei komt in ein oan de histoarje fan Rjocht en Sljucht. De klup waard op 1 july 1936 oprjochte. Dit wykein wiene der festiviteiten foar de leden en âld-leden. Op de slotdei wie der ûnder oare noch in feiling fan âld klupguod. Om healwei seizen giet de kantine fan RES symboalysk op slot.

Foarsitter Ronald Zut fan RES fynt it spitich dat der in ein komt oan RES, mar it is in goede stap foar it fuotbal yn Boalsert, seit er.

Troch de fúzje is ien fan de grutste fuotbalferienings fan Fryslân ûntstien, mei goed 1.000 leden en sa'n 60 teams.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)