Nicole Steigenga en Marten Kooistra kampioen

21 jun 2015 - 14:54
  • Nicole Steigenga yn de kampioenstrui
  • Nicole Steigenga
  • Marten Kooistra yn it read, wyt en blau
  • Marten Kooistra

Hurdfytster Nicole Steigenga út Eksmoarre hat sneintemiddei de titel pakt by it NK foar juniorfroulju yn Emmen. Al betiid yn de wedstriid ûntstie der in kopgroep fan sân froulju, mar yn de foarlêste ronde kaam it hiele peloton dochs wer byinoar. In kilometer foar de einstreek wist Steigenga lykwols opnij te ûntsnappen en kaam solo oer de einstreek. It twadde plak wie foar Delore Stougje út Zuidland, folge troch Karijn Swinkels út Handel.

Marten Kooistra fan Jonkerslân waard kampioen by jonges junioaren. Hy wie de rapste yn de sprint.

Yn dy einsprint fan de kopgroep fan sân man wie Kooistra fierwei de rapste. Pascal Eenkhoorn út Genemuiden waard twadde, Lars van den Berg fan De Meern tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)