Orkest Beyers Naudé wint JeugdOrkestenFestival

21 jun 2015 - 12:06
  • It skoalorkest fan gymnasium Beyers Naudé op it poadium

Skoalorkest Beyers Naudé makke sneon in soad yndruk op it 45e JeugdOrkestenFestival yn Ljouwert. It orkest fan it Ljouwerter gymnasium waard de grutte winter yn de kategory 'gevorderden'. By de begjinners foel de prestaasje op fan De Bazuin C út Oentsjerk.

It JeugdOrkestenfestival bestiet al sûnt 1967. Om de jongeren entûsjaster te meitsjen en te hâlden foar de muzyk wurket de organisaasje gear mei Keunstwurk, ROC De Friese Poort en Yamaha. Alle dielnimmers wiene útdaagd om harsels as orkest te presintearjen.

De folgjende orkesten foelen by it festival yn de prizen:
Kategory Begjinners
1e plak : De Bazuin C, Oentsjerk
2e plak : De Bazuin, Tsjummearum
3e plak : Hosannah Jeugdorkest, Ljouwert
Folkert Fennema priis: Hosannah Jeugdorkest
Solistepriis: Berber Koopmans (De Bazuin C, Oentsjerk)
Kategory 'Gevorderden'
1e plak : Skoalorkest Beyers Naudé, Ljouwert
2e plak : Jeugdkorps Oranje, Dokkum
3e plak : Miksorkest Starum-Parregea-Skearnegoutum-De Tynje
Folkert Fennema priis : Miksorkest Starum-Parregea-Skearnegoutum-De Tynje
Solisteprios : Jorn Stavenga (Skoalorkest Beyers Naudé)

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)