Boazum wint bûnspartij foar froulju yn Sint-Anne

20 jun 2015 - 17:27

Boazum mei Nellie Rijpma en de suskes Nynke en Wiljo Sybrandy hawwe sneon foar it earst de titel pakt by it NK ôfdielingskeatsen yn Sint-Anne. Yn de finale wûn it trijetal oertsjûgjend mei 5-0 en 6-0 fan Frjentsjer mei Nicole Hempenius, Maaike Osinga en Manon Scheepstra. De winst op de bûnspartij is in moai kado yn it 50-jierrich jubileumjier fan Boazum.

De lytse preemjes wienen foar Ljouwert mei Fenna Lemstra, Marie-Jetske Lettinga en Bianca van der Veen en foar Easterlittens mei Ellen Jorritsma, Margriet Bakker en Annelien Broersma.

Trefwurden: 
keatsen Boazum Bûnspartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)