Gouden medalje foar Lieke Wevers op de balke yn Bakoe

20 jun 2015 - 17:23

Turnster Lieke Wevers (23) hat sneon in gouden medalje helle op de balke by de Europeeske Spelen yn Azerbeidzjan. De turnster fan Sportstêd Hearrenfean skoarde 14.200 punten. Tongersdei wûn Wevers ek al it brûns op de mearkamp.

Op de flier helle Wevers sneontejûn ek noch in brûnzen medalje. Dit besjut dat Wevers in medalje helle op elts ûnderdiel dêr't se oan meidie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)