Silke Boersma krijt Gouden Swipe fan de Kening

20 jun 2015 - 15:57
  • Silke Boersma, de grutske winneres fan de Gouden Swipe
  • Kening Willem Alexander klapt foar winneres Silke Boersma
  • Kening Willem Alexander rikt de Gouden Swipe út oan de winneres

Silke Boersma fan Ljouwert hat sneontemiddei de Gouden Swipe wûn. De tolve dielnimmers moasten sûnder sadel mei har hynder twa kear hûndert meter oer in baan fan sân ride. It wie in bysûndere wedstriid om't dy gewoanwei op De Jouwer hâlden wurdt. Dizze kear wie foar Ljouwert keazen fanwege de aktiviteiten yn it ramt fan it Maria Louisejier.

Dêrmei wurdt stilstean by it feit dat it 250 jier lyn is dat Maria Louise yn Ljouwert ferstoar. Har neiteam kening Willem-Alexander wie der sneon by yn Ljouwert en rikte de priis út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)