Brûns op sprong foar Lisa Top by Europeeske Spelen

20 jun 2015 - 15:22

Turnster Lisa Top, dy't traint by Sportstêd Hearrenfean, hat sneon brûns wûn op sprong by de Europeeske Spelen yn Azerbeidzjan. De 18-jierrige turnster krige in skoare fan 14,016. It is foar Tops al de twadde medalje op it nije evenemint de Europeeske Spelen.

Moandei pakte Tops al mei Céline van Gerner en Lieke Wevers brûns yn de lannewedstryd. Bûnscoach fan de froulju is Gerben Wiersma fan Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)