Prinsesse Beatrix nimt floatskou ôf op De Lemmer

20 jun 2015 - 13:49

Prinsesse Beatrix wie sneon by de jubileumreüny fan de Stichting Stamboek Ronde & Platbodemjachten op De Lemmer. Prinsesse Beatrix is beskermfrouwe fan dizze stifting. De organisaasje is oprjochte yn 1955 mei as doel it behâld fan dit type histoaryske skippen. De jubileumreüny wurdt hâlden mei wettersportferiening 'De Zevenwolden', dy't 150 jier bestiet.

Prinsesse Beatrix naam de floatskou ôf op De Lemmer. Oanslutend wie der admiraalsilerij op 'e Iselmar.

De Prinsesse kaam op De Lemmer oan it roer fan har eigen platboaiem De Groene Draeck en hie dúdlik nocht oan it ôfnimmen fan de floatskou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)