Ljouwerter smyt stien troch rút rjochtbank

20 jun 2015 - 13:40
  • Rjochtbank Ljouwert

In 48-jierrige Ljouwerter is freedtemiddei yn syn wenplak oanhâlden neidat hy in stien troch in rút fan it rjochtbankgebou oan it Saailân smiten hie. Nei alle gedachten wie de man it net iens mei in útspraak yn in saak dêr't hy belutsen wie.

De man is meinaam nei it plysjeburo dêr't proses-ferbaal tsjin him opmakke is. Mooglik moat hy him op 'e nij foar de rjochter ferantwurdzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)