Sjauffeurs Klomp tiisdei manmachtich nei haadkantoar yn Ede

20 jun 2015 - 12:19

Fakbûn FNV Taxi ropt de sjauffeurs fan Klomp op om oankommende tiisdei manmachtich nei Ede te kommen om dúdlikheid te easkjen fan de direksje fan Klomp. De meiwurkers fan Klomp soene freed dúdlikheid krije oer har baan en ynkommen, mar dy dúdlikheid kaam der op 'e nij net. Yn plak dêrfan kaam it berjocht dat it bedriuw fan doel is om foar 176 meiwurkers kollektyf ûntslach oan te freegjen.

Klomp hat yn Fryslân sa'n hûndert sjauffeurs yn tsjinst yn dy hawwe skjin harren nocht. De minsken hawwe sûnt april gjin lean mear hân.

Guon fan harren hawwe gjin jild mear om iten te keapjen en oerwaagje dêrom om it wurk spontaan del te lizzen. Minke Jansma fan FNV Taxi hat dêrom besletten om no tiisdei in grutte ledegearkomste te belizzen om te besluten hoe't it fierder moat. By it kollektyf ûntslach foar 176 meiwurkers sitte neffens Minke Jansma gjin Fryske sjauffeurs. De sjauffeurs fersoargje yn Fryslân it handikapteferfier fan Alliade. Dy ritten wurde ek tiisdei gewoan útfierd, want de sjauffeurs wolle de handikapten net de dupe wurde litte fan de problemen by Klomp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)