Man komt om by auto-ûngelok by Tsjerkwert

20 jun 2015 - 11:50
  • De auto ried mooglik it wetter yn wylst de brêge iepen stie

By in ûngelok by de Van Panhuysbrêge yn de N359 by Tsjerkwert is sneon de bestjoerder, in man fan 79 ut Den Helder, fan de auto om it libben kaam. De auto mei de man ried mei hege snelheid troch de slachbomen fan de brêge, dy't op dat monint iepen stie. De auto botste tsjin de brêge en rekke te wetter. Omstanners hawwe mei help fan in trekker besocht om de auto út it wetter te heljen. Doe't de helptsjinsten arrivearren, wie de bestjoerder al ferstoarn.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

It ûngelok makke in soad yndruk op de tsjûgen, dy't slachtofferhelp oanbean krigen. De N359 wie tydlik ôfset, mar gie yn de rin fan de middei wer iepen foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)