7.000 minsken drave en kuierje om Snitsermar

20 jun 2015 - 11:11

De Mar-athon fan Snits hat dit jier tûzen dielnimmers mear as ferline jier. Dêrmei komt it totaal op 7000 dielnimmers. It is de twadde kear dat it evenemint om it Snitsermar hinne organisearre wurdt.

Fjouwertûzen minsken dogge mei oan it kuierjen, 2500 dielnimmers drave de heale maraton en 500 minsken drave sneontejûn de 42 kilometer, oftewol de folsleine maraton.

De wedstriid fan de maraton is jûn om 19.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)