NHL-studinten betinke bêste kampanje oer fytsferljochting

19 jun 2015 - 22:11

Studinten fan de NHL yn Ljouwert hawwe de bêste kampanje oer fytsferljochting betocht. De wedstriid wie útskreaun troch Veilig Verkeer Nederland (VVN). De Ljouwerter studinten kamen mei de slogan KLOJO: Klik Licht Op Je Oma. Dêrmei spylje de studinten yn op it feit dat hieltyd mear studinten op in saneamde oma-fyts ride. Dêr sit faak gjin ferljochting mear op.

De sjuery fûn benammen de toan fan de kampanje en de opfallende slogan goed by de doelgroep - studinten - passe. De priis foar de NHL-studinten bestiet út in nije fyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)