ChristenUnie: "Provinsje moat rekkens flugger betelje"

19 jun 2015 - 21:39

De provinsje Fryslân moat syn rekkens flugger betelje. Dat wol de provinsjale fraksje fan de ChristenUnie. Ut ûndersyk fan MKB Nederlân hat bliken dien dat de provinsje 15% fan de rekkens net binnen de fêststelde termyn fan 30 dagen betellet. Benammen foar lytse bedriuwen en ûndernimmers kin dit ta problemen liede.

De ChristenUnie komt dêrom nije wike mei in moasje dêr't it de provinsje yn opropt maatregels te nimmen en de betelling fan rekkens te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)