Kleanbank iepene yn Drachten

19 jun 2015 - 21:25

Yn Drachten is freedtemiddei de nije kleanbank iepene. Inisjatyfnimmer Deborah Weening wol hjirmei minsken helpe dy't net folle jild hawwe om it gesin te ûnderhalden. Yn gearwurking mei de voedselbank Smellingerlân sammelet de kleanbank boartersguod en klean yn, om it dêrnei fergees fuort te jaan.

Neffens Weening giet dit ek it fuortsmiten fan âlde klean tsjin. Op fertoan fan in voedselbankpas kinne minsken ek by de kleanbank terjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)