Mar lyts bytsje asbest frijkaam yn swimbad Burgum

19 jun 2015 - 16:48

De fersprieding fan asbest yn it swimbad fan sportkompleks De Wetterstins yn Burgum is minimaal. Dat hat bliken dien út ûndersyk. Ofrûne tiisdei waard dúdlik dat der asbest yn it ûndjippe bassin fan it swimbad sit. No hat bliken dien dat dat it iennichste plak is dêr't de gefaarlike stof sit.

Sneon wurdt úteinset mei de sanearing. Dat duorret nei alle gedachten inkelde dagen. De sporthal fan De Wetterstins giet dit wykein al wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)