HZPC betellet bouboeren in hegere priis oer 2014

19 jun 2015 - 16:11

Jirpelhanneler HZPC betellet de telers oer de rispinge fan 2014 in hegere priis as de prognoaze. De jirpelpriis komt út op hast 29 sint de kilo. Earder hie HZPC it noch oer 27,5 sint per kilo. Dochs bliuwt de priis achter by eardere jierren. Dat hat te krijen mei de drege merk foar benammen konsumpsje-jirpels.

Wylst de fraach gelyk bleau, is it oanbod folle grutter wurden. By de poatjirappels is de fraach krekt wat lytser wurden. Dat de priis oer 2014 lang om let dochs wat heger útfoel, is foaral te tankjen oan de eksport.

Trefwurden: 
HZPC jirpel jirappel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)