Doarpshûs Baard krijt jild fan Oranjefûns

19 jun 2015 - 15:27

De Stichting Dorpshûs Baard krijt 7500 euro fan it Oranjefûns foar de renovaasje fan doarpshûs 't Skipperke. Benammen de boppeferdjipping krijt in grutte opknapbeurt, sadat dy tenei ek troch ferienings brûkt wurde kin. Mei-inoar kostet de renovaasje 57.000 euro.

Dat bedrach wurdt byinoar fandele mei subsydzjes, fûnsen en frijwilligers. De stichting hopet dizze simmer mei it wurk útein sette te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)