Wetterskip begjint mei opheegjen Waadseedyk op It Amelân

19 jun 2015 - 12:54

Wetterskip Fryslân is freedtemoarn útein set mei harren grutste dykprojekt oant no ta: It opheegjen fan de seedyk op It Amelân. It projekt is ûnderdiel fan it saneamde Heechwetterbeskermingsprogramma fan it Ryk.

It giet om 16,5 kilometer dyk, dy't fersterke wurde moat mei brekstien. Dat moat omdat troch klimaatferoarings it risiko op oerstreamings grutter wurdt. De put duorret mei-inoar sa'n trije jier. Dat kin wol wat oerlêst opsmite foar benammen fytsende toeristen.

Der is mei-inoar 800.000 ton oan materiaal nedich om de 16 kilometer Waadseedyk op It Amelân steviger te meitsjen. Ek op oare plakken yn Fryslân wurde diken oanpakt. Meikoarten wurdt oan de noardkust fan Fryslân begûn mei it feiliger meitsjen fan in stik seedyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)