Oanlis ferkearskrúspunt De Jouwer gund oan bedriuw Lelystêd

19 jun 2015 - 11:34

De bou fan it it nije Jouster krúspunt dat de rotonde ferfange moat yn de A6 en A7, is foarearst gund oan oannimmer Gebroeders Van der Lee út Lelystêd. Oare oannimmers hawwe no tweintich dagen de tiid om hjir tsjin yn beswier te gean.

It wurk sil nei alle gedachten ein dit jier úteinsette en duorret dan oant en mei ein 2017. Opdrachtjouwers binne Rykswettersteat, de provinsje Fryslân en gemeente de Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)