Tweintich gadingmakkers foar De Fryske Marren

19 jun 2015 - 11:14

Tweintich minsken wolle graach boargemaster wurde fan de Fryske Marren. Fan de 18 manlju en twa froulju binne acht lid fan de VVD en seis fan it CDA. Seis oaren binne fan de PvdA, D66, lokale partijen of ha gjin bekende partijkleur. De grutste groep is tusken de 50 en 60 jier âld.

Op dit stuit is Arie Aalberts waarnimmend boargemaster. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma makket in earste seleksje en bepraat ien en oar mei de gemeentlike fertrouwenskommisje. Uteinlik bliuwe der nei sollisitaasjepetearen twa kandidaten oer.

Ut dy twa gadingmakkers mei de gemeenteried in kar meitsje. De nije boargemaster folget nei alle gedachten oan de ein dit jier Aalberts op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)