Skûtsje Harns bot skansearre troch oanfarring

18 jun 2015 - 19:49
  • IFKS

It Harnzer skûtsje dat begjin dizze moanne in oanfarring hân hat yn de Slach om Heech hat mear skea oprûn as earder tocht. Nei ûndersyk hat bliken dien dat der skuorren yn de mêst sitte. Dy wurdt no ynskaafd, om te sjen hoe djip as de skuorren binne.

Ein juny moat dúdlik wêze oft de mêst makke wurde kin of dat der in nije mêst komme moat. De fersekering is al ynljochte. De bemanning fan it skûtsje hat fan Jacob Huisman al in reserve-mêst oanbean krigen, sadat de Harnzers yn alle gefallen meidwaan kinne oan de IFKS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)