Topkok Jan Smink docht wer mei oan lanlike finale Bocuse

18 jun 2015 - 19:34
  • Jan Smink yn de neiboude Bocuse d'Or-keuken yn Wolvegea

Jan Smink út Wolvegea docht dit jier op 'e nij mei oan de Nederlânske finale fan de Bocuse d'Or. Smink wurket by toprestaurant De Librije yn Swolle. Begjin dit jier helle er noch in 9e plak yn de wrâldfinale fan de Bocuse. Dat wie in primeur: nea earder helle Nederlân in plak yn de top 10.

Smink moat it yn septimber yn de nasjonale finale opnimme tsjin 4 oare koks. De winner giet takom jier maaie nei de Europeeske finale yn Budapest. Dêr fynt dan de kwalifikaasje plak foar de wrâldfinale. Dy is yn jannewaris 2017 yn Lyon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)