Elkien ynvestearret yn enerzjyneutrale huzen

18 jun 2015 - 19:10

Wenningbouferiening Elkien wol yn de kommende 15 jier in tredde part fan it wenningbestân enerzjyneutraal meitsje. It giet om sa'n 22.000 huzen. En dat betsjut in ynvestearring fan 60 oant 80 miljoen euro.

De ambysjes fan Elkien hawwe alles te krijen mei de realiteit fan dizze tiid. De fossile enerzjy rekket stadichoan op en âlderen en minsken dy't soarch nedich hawwe wenje hieltyd langer op harsels. Dat freget in oar en duorsumer hûs.

Elkien is yn gearwurking mei oare partijen op ferskate plakken yn Fryslân al oan it eksperimentearjen mei enerzjysunige of enerzjyneutrale hûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)