Fjouwer fan fiif leden kliïnteried Nij Smellinghe stappe op

18 jun 2015 - 18:48

Hast de folsleine kliïnteried fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is opstapt. It giet om fjouwer fan de fiif leden. Se ha in skeel mei de direksje oer in ûnkostefergoeding. De leden fan de ried hiene mei de foarige direksje ôfspraken makke oer in hegere fergoeding.

Dy binne lykwols net op papier set. De hjoeddeiske baas fan Nij Smellinghe wol der dan ek net oan. Hy wol de leden fan de ried allinnich in fergoeding jaan neffens de lanlike rjochtlinen. De kliïnteried leit net op syn gat. Der binne yntusken twa nije leden oannaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)