Soad goed materiaal garre by ûndersyk terp Hegebeintum

18 jun 2015 - 17:31

Undersikers binne posityf oer de earste resultaten fan it ûndersyk nei de terp fan Hegebeintum. Ferline wike woansdei waard mei spesjale boarkearnen grûn fan 9 meter djipte út de boaiem helle.

Dizze wike binne dizze kearnen by ûndersykinstituut Deltares yn Utrecht yn de lingte trochsnien. En neffens de ûndersikers is der in soad goed materiaal út de grûn helle. Yn de grûnlagen binne ûnder oaren skerven en botten oantroffen.

It ûndersyk rjochtet him no op fragen lykas wannear't de earste bewenners op de terp kaam binne en wêrom't de terp fan Hegebeintum sa heech is. Hy is acht meter, wylst oare Fryske terpen mar 5 meter heech binne. It kin noch wol moannen duorje foardat de spesjalisten dêr in antwurd op hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)