Bûtenpost krijt mooglik tweintich nije startershûzen

18 jun 2015 - 17:02

Der komme mooglik spesjale hûzen foar starters yn Bûtenpost. In earder projekt mei startershûzen yn Surhústerfean wie sa'n sukses dat de gemeenteried it kolleezje frege hie om út te sykjen oft soks ek mooglik is yn Bûtenpost.

Yntusken hat bliken dien dat der oan de Foarstrjitte yn it doarp wol romte is foar in stik as twintich betelbere hûzen. Boargemaster en wethâlders ferwachtsje wol dat de gemeente der finansjeel by ynsjitte sil. Nei de simmer krijt de gemeenteried te hearren oft de bou fan de starterswenten trochset wurdt.

Trefwurden: 
Bûtenpost startershûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)