Thús Wonen knapt 56 wennings Kollumersweach op

18 jun 2015 - 16:53

Wenningkorporaasje Thús Wonen knapt 56 wennings yn Kollumersweach op. It giet om hûzen yn de Pieter Postmastrjitte, Kastanjehôf, Bjirkehôf, De Paden en Blankenstrjitte. Se wurde oan de binnen- en bûtenkant opknapt.

Binnen wurde de keukens, dûsen en húskes ferfongen en wurdt in fentilaasjesysteem oanlein. Bewenners koene de kleur fan de tegels en de keukens sels kieze. Oan de bûtenkant wurdt opnij skildere en it foechwurk wurdt oanpakt. De hûzen wurde enerzjysuniger troch dakisolaasje en nije ruten. It wurk duorret oant ein dit jier.

Trefwurden: 
opknappe Thús Wonen wennings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)