Spannum en Britswert krije nei klachten har brievebus werom

18 jun 2015 - 16:06

De doarpen Spannum en Britswert hawwe har brievebussen werom. PostNL helle de bussen koartlyn fuort, mar nei klachten út de doarpen binne se werompleatst. Neffens de gemeente hat PostNL dat dien omdat net mear oan de wetlike noarmen foldien waard.

Dy skriuwe foar dat minsken binnen twa-en-in-heale kilometer by in brievebus terjochte kinne moatte. Oer it fuortheljen fan de brievebus yn Baard binne ek klachten, mar dêr hat PostNL noch net op reagearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)