Omrop TIP: Bynt sjocht op Oerol by muzykteaterstik Dead End

18 jun 2015 - 14:47

Oerol is wer los en Bynt is derby op Skylge. Miranda Werkman en Albert Jensma binne op it eilân en sille oant en mei freed nei de foarstellings, se prate mei besikers en makkers en filmje de sfear dy’t it festival sa unyk makket.

Muzykteaterfoarstelling Dead End giet oer boatflechtlingen. It spilet him ôf op it strân fan Easterein. In bizarre konfrontaasje tusken twa manlju. De ien bewekket de grins, de oar besiket der oerhinne te kommen. Sytze Pruiksma komponearre dit teatrale konsert. Jûn mear yn Bynt fan 17:20 oere ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)