Agressive winkeldief spuit plysje yn it gesicht

18 jun 2015 - 12:50

In 40-jierrige Ljouwerter is woansdei oanhâlden foar stellerij yn in winkel oan de Skrâns. De man fersette him tsjin syn oanhâlding, spuide in plysje yn it gesicht en bedrige him earnstich. Yn de winkel waard in preparearre tas fûn mei stellen klean. De agressive winkeldief is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)