Bewenners Burdaard terrorisearre troch agressive mûzefalk

18 jun 2015 - 12:10
  • Mei in spesjaal boerd wurdt warskôge foar de mûzefalk
  • Mûzefalk yn it lân

Trije minsken hawwe yn Burdaard ferwûnings oprûn troch in mûzefalk. De fûgel hat jongen en falt om dy reden sûnt in oantal wiken foarbygongers oan. De gemeente hat yntusken buorden pleatst om te warskôgjen foar it bist, dy't syn nêst warskynlik oan de Steendamsterwei hat.

Foarbygongers wurdt oanret net sûnder paraplu of wat op 'e holle by de mûzefalk lâns te gean. De ferwachting is dat de problemen oer in wike as twa foarby binne, omdat de jongen dan útfleane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)