'Skatebaan Ljouwert net feilich troch hurde toplaach'

18 jun 2015 - 11:04

It skatepark yn Ljouwert moat feiliger. Neffens de organisaasje 058SK8, dy't opkomt foar de belangen fan de skaters, is de baan fan asfalt net feilich. Troch de hurde ûndergrûn rinne de brûkers swiere ferwûnings op wannear't se falle. De organisaasje hat earder mei de gemeente om tafel sitten, mar dit smiet neat op. Dêrom presintearje de skaters harren woansdei yn De Harmonie. Underdiel fan de presintaasje is in ludyk filmke wermei 058SK8 besiket it negative byld dat in soad minsken fan skaters ha, by te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)