Nederlânske fuotbalfroulju spylje op WK tsjin Japan

18 jun 2015 - 09:47

De Nederlânske fuotbalfroulju spylje yn de achtste finales fan it WK yn Kanada tsjin Japan. Dat hat de FIFA tongersdei bekend makke. De froulju moatte dêrmei fuotbalje tsjin de hjoeddeistige wrâldkampioen. Bûnscoach Roger Reijners seit dat de wedstriid in grutte útdaging wurdt, mar dat Oranje seker net kânsleas is. Japan wûn alle groepswedstriden, mar net oertsjûgjend. Der hie ek in kâns west dat Oranje tsjin reagerend Europeesk kampioen Dútslân spylje moatten hie, mar nei de lotting die bliken dat dy tsjin Sweden spilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)