Hegere BTW makket agraryske produkten djoerder

18 jun 2015 - 08:17
  • De toffels-en-skuon orchidee

It plan fan it kabinet om it lege BTW-taryf op in soad produkten en tsjinsten fan 6 prosint nei 21 prosint te ferheegjen makket agraryske produkten in stik djoerder. Neffens LTO Noard sille minsken dêrom minder keapje wêrtroch't de sektor ynkomsten mis rint.

Direkteur Henk-Jan Drijfhout fan it orchideeëbedriuw út Mullum warskôget ek foar de gefolgen. De regeling moat de skatkist sa'n 4 oant 5 miljard euro opleverje. Bedoeling is dat de belesting op it wurk ferlege wurdt, mar dêr stiet dus wol in hegere BTW tsjinoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)