"Histoaryske skippen, treinen, auto's en fleanmasines rêde"

17 jun 2015 - 21:58
  • Replika fan VOC-skip de Halve Maen

De Twadde Keamer hat woansdei ynstimd mei de moasje fan Snitser Twadde Keamerlid Jacques Monash om histoaryske skippen te beskermjen. Hieltyd mear histoarysk farrend erfguod, lykas skûtsjes en tsjalken wurde nei it bûtenlân ta ferkocht.

As de Earste Keamerek mei it foarstel ynstimt giet de nije erfguodwet op 1 jannewaris 2016 fan krêft. De Ryktsjinst foar it Kultureel Erfguod moat in register fan histoaryske skippen, mar ek fan treinen, auto's en fleanmasines yn Nederlân oanlizze en der foar soargje dat se yn Nederlân bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)