Fryske gemeenten reagearje traach op dúdlikheid oer boetes

17 jun 2015 - 19:02

It bliuwt ûndúdlik oft minsken mei in bystânsútkearing yn Fryslân ûnterjochte boetes no wol of net weromkrije. Mar njoggen fan de 24 Fryske gemeenten hawwe oant no ta reagearre op in oprop fan it FSU, it Frysk gearwurkingsferbân foar minsken mei in útkearing.

De Ried fan Berop hat oardield dat it boeterezjym foar minsken mei in útkearing fierstente strang wie. Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert hat dêrnei sein dat de boetes werombetelle wurde. It FSU is dêr hiel wiis mei en wol no witte hoe't oare Fryske gemeenten dêr mei omgean.

Fyftjin gemeenten hawwe lykwols hielendal gjin antwurd jûn. It gearwurkingsferbân hat no opnij in brief skreaun en hopet dat gemeenterieden der efteroan gean.

Trefwurden: 
boetes FSU bystânsútkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)