Sjaerdemapark yn Frjentsjer wurdt opknapt

17 jun 2015 - 17:09

Toeristen en ynwenners fan Frjentsjer kinne de kommende wiken net nei it Sjaerdemapark yn de stêd. De gemeente Frjentsjerteradiel hat it park ôfsletten om't it renovearre wurde moat. De fiver wurdt útbaggere, de wâlbeskoeiïng wurdt ferfongen en it grien yn it park wurdt oanpakt.

It projekt yn it Sjaerdemapark makket ûnderdiel út fan in grutter projekt, wêrmei't de gemeente de leefberens yn Frjentsjer, Peins en Achlum ferbetterje wol. De provinsje stipet it plan mei in subsydzje fan goed in heal miljoen. It projekt kostet 1,3 miljoen.

Trefwurden: 
Frjentsjer Sjaerdemapark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)