SC Hearrenfean net tsjin amateurs út Gaasterlân-Sleat

17 jun 2015 - 15:20

SC Hearrenfean begjint de trening foar it kommend seizoen net mei de tradisjonele oefenwedstriid tsjin de amateurs fan de regioseleksje út Gaasterlân-Sleat. Dat is foar it earst yn 25 jier.

De topploech hat hjirfoar keazen omdat de spilers ek al yn de neikompetysje striden ha foar Europeesk fuotbal. As se dan aanst ek noch in wedstriid tsjin de amateurs spylje moatte, bliuwt der net genôch tiid oer om te oefenjen tsjin ploegen fan in heger nivo.

Om de fans yn de regio Gaasterlân-Sleat temjitte te kommen, wurdt de oefenwedstryd tsjin FC Volendam op 11 july spile yn Koudum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)