PvdA: rolstoelwc's nedich by Ljouwerter festivals

17 jun 2015 - 15:03

By pop- en teaterfestivals yn Ljouwert moatte der ek wc's komme foar minsken yn in rolstoel. Ek moatte bygelyks plakken frij hâlden wurde by it poadium, sadat handikapten de foarstellingen en optredens goed sjen kinne. Dat fynt de PvdA yn Ljouwert. De riedsfraksje hat der skriftlike fragen oer steld oan it kolleezje.

De partij fynt dat handikapten noch foar de start fan Ljouwert Kulturele Haadstêd yn 2018 better tagong hawwe moatte by festivals. De PvdA hat by it strjitfestival mei handikapten praat en der kin noch in soad ferbettere wurde.

Húskes foar minsken yn in rolstoel binne der bygelyks noch kwealik. Yn de skriftlike fragen trunet de PvdA by it kolleezje oan op flugge aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)